De Hûnekop
Rûchhauwer
Fan 2008 oant 2009 raasde de Hûnekop yn in âld auto troch australië mei oars neat as Hank Williams en Johnny Cash yn'e cd-spiler. Nei dat er yn Surfers Paradise in gitaar kocht hie, begûn er te tokkeljen. Unwennich fan it heitelân makke er ferskes yn ûnferfalske fryske arbeiderstaal, jierren fan âldhoere op skipswerven en syn wâldse eftergrûn wienen syn ynspiraasje. Thús kaam hat er drekst twa maten, ien dy't drumde en ien dy't kontrabas spile, út 'e kroech helle.